Ik flean hjoed fan Moskou nei Odessa
Mar dan hear ik: "Your flight has been delayed."
En ik sjoch dêr twa moaie stewardessen, as prinsessen
se sizze my: "sit down, shut up and wait."
Yn Ashkabad dêr is it sok moai waar
Mar yn Odessa wol de winter net fan kant
Yn Kishinev is it ek net raar
Mar ik ha gjin tiid foar sa’n soart fariant
Se sizze, do kinst al dyn sinten wol bruie
nea earder wie it dat de kjeld sa fûl wie
Yn Odessa teie se al dat iis mei flink wat struie wat kruie
en de lâningsbaan sit meters ûnder snie
Mar Moermansk dan? Dêr is gjin rein of stoarm
yn Kiev en yn Lvov bloeit al wer de snieklok
Tblisi lûkt, 20 graden is de noarm
En de snie is echt teid yn Wladiwostok
Miskien dat se nei Leningrad geane
Odessa, dat bliuwt hjoed echt pet
Se roppe en raze dat wy steane, mar fleane
ik kom sa nearne net
Alle gates gean iepen, kies mar watst begearst
nei Amsterdam, nei Londen of Milano
Allinne yn Odessa wurdsto noch opkeard
En dat is krekt wêr’t ik sa graach gean no
Ik sit hjir no in heale dei te stressen
En dan ynienen: Odessa to the gate
Ik sjoch dêr wer dy moaie stewardessen as prinsessen
se laitsje en einlik giet it need
Wêrom wol ik nei plakken wêr’t de rein beukt
Wêr’t de hagel jaget en de stoarmen strieme
Dat needwaar hie my hjir benei ferneukt
Mar no sit ik dan einlik yn de riemen
Dan kreaket ynienen de ynterkom
De gesachfierder skrabbet even de kiel
Wy hawwe fertraging, it duorret in oere as fjouwer en jou mar
de skuld oan it grûnpersoniel
Dan galmet yn de hal foar de safolste kear
De fertraging duorret wis noch wol in dei
Wêr’t ik nei ta soe, dat nukt my net mear
As ik hjir no mar heel gau wei mei
|