Dit is it liet fan in ûnderfongen tocht
parten fan in ûnfoltôge symfony
fan in rûdige frucht mei dat griene ljocht
flarden fan in sigeuner melody
It lot parte ta, protte tsjin bytsje foar
Dyn stim ferstomme foar’t it liet rjocht songen wie
gjin applaus, gjin jûchhei, gjin ovaasjes of moaiste kar
In heal leech glês wie al wat oer wie
Do skreaust yn ’e snie fersen oer trou
Mar sniefersen teie yn ’e sinne
en de wolven ferwâden dyn oade oan de frou
Sy hat it nea lêze kinnen
Ergens stiet opskreaun "nel mezzo del camin"
Do bist healwei dat libbenspaad mei dyn geflean
En hast no de himel sjoen of ek helske pine
wie it libben inkeld in kweade dream
|